Petysje foar festivals yn Ljouwert manmachtich ûndertekene

23 jul 2019 - 21:42

De petysje dy't Aletta Groeneveld út Ljouwert in jier lyn oanmakke hat om festivals en eveneminten foar Ljouwert te behâlden, krijt de ôfrûne dagen in 'boost' oan nije ûndertekeners. "Ik tink dat it komt trochdat Welcome to the Village krekt west hat en troch it berjocht dat Psy-Fi de yntinsje hat fuort te gean. Dat wakkeret de belibbing wer oan", seit Groeneveld.

The Soft Moon - Foto: Ronnie Porte

"Ik wie op fakânsje en ik bin krekt werom. Ik krige in berjochtje en ta myn fernuvering seach ik dat de petysje moandei mear as 300 kear wer ûndertekene is", fertelt Groeneveld. Yn totaal is de petysje no 7.000 kear ûndertekene. "Ik hoopje fansels dat it soarget foar ekstra politike druk. Hoe mear, hoe better. Ik fyn dit in grut sukses. 7.000 hantekeningen litte ek sjen wat it belang is fan it behâld fan de festivals en de eveneminten yn en by Ljouwert."

"It makket de stêd libbendich"

Groeneveld har eigen miening oer de festivals mei dúdlik wêze: "Ik bin 100 prosint foar it behâld fan alle festivals en eveneminten dy't der no binne, lykas CityRock Leeuwarden, Into the Grave, Psy-Fi, Welcome to the Village en Promised Land. It makket de stêd libbendich. Ik fyn dat der alles oan dien wurde moat om dat yn elts gefal te behâlden."

Tsjinstanners fan de eveneminten sizze dat it foar oerlêst soarget. "Dêr binne de mieningen oer ferdield", neffens Groeneveld. "Dy diskusje duorret ek al hiel lang. Ik ha in oar stânpunt. Alle organisatoaren moatte fansels rekken hâlde mei fergunningen en mei ûndersiken. Mar der binne eksperts om konklúzjes te lûken oer eventuele oerlêst."

Foto: Omrop Fryslân, Auke Zeldenrust

Psy-Fi ek yn Ljouwert hâlde

Sels sjocht Groeneveld noch wol in mooglikheid dat Psy-Fi dochs yn Ljouwert bliuwt. "Mar dan moatte guon belutsenen wol mear stelling nimme om it echt te behâlden." Fynt se dat ferantwurdlik wethâlder Sjoerd Feitsma te slop is? "Sa soe ik it net konkludearje, mar ik fyn wol dat er syn stânpunt konkreter delsette kin."

(advertinsje)
(advertinsje)