Hearrenfean wint oefenwedstriid tsjin wurkleaze fuotballers

Sportklup Hearrenfean hat tiisdeitejûn yn Langsweagen in oefenwedstriid tsjin in VVCS-team wûn. It waard 4-0 tsjin it team fan op dit stuit wurkleaze fuotballers.
De goals fan Sportklup Hearrenfean waarden makke troch Mitchell van Bergen (11e minút), Jens Odgaard (22e minút troch in strafskop), Emil Frederiksen (72e minút) en Jan Ras (75e minút). De wedstriid waard spile yn trije parten fan 30 minuten. Sneon spilet it team fan trainer Johnny Jansen yn Ingelân tsjin Sunderland. It is de lêste wedstriid yn de tarieding op it nije seizoen.