Appie Wijma fan minimakemping kin noch wol wat guod brûke

23 jul 2019 - 21:03

Fergees op de kemping. It is hast te moai om wier te wêzen. Mar it kin yn de Grinzer Pein, flakby Surhústerfean. Famyljes mei in minimaal ynkommen kinne dêr te plak. Sels it iten en drinken wurdt regele.

Appie Wijma - Foto: Omrop Fryslân, Willem de Vries

Dizze fergeze kemping is foarich wykein offisjeel iepene. Takom freed komme de earste gasten. "Ik verwacht dan zo'n negen of tien gezinnen hier". En ek al leit it yn de provinsje Grinslân, der komt in protte stipe út Fryslân. "Het is ongelofelijk wat ik allemaal voor spullen heb gekregen. Iedereen denkt en helpt mee. Onlangs kwam hier nog een stel uit België om een vouwwagen en andere campingspullen te brengen. Dit had ik nooit verwacht."

Appie Wijma is de inisjatyfnimmer fan de fergeze kemping. Hy is al langer dwaande foar de minima. Sa hat hy ek in itenstún, dêr't griente teeld wurdt foar de 'voedselbank'. De minimakemping neamt er net 'syn' kemping. "De grond is van mij, maar de camping is van iedereen die hier een steentje aan bijdraagt. Prachtig om te zien dat zoveel mensen hart voor deze zaak hebben. De lokale patatboer komt frietjes bakken, en een band komt een optreden verzorgen. Geweldig!"

Wat kin Appie Wijma noch allegear brûke?

"Toiletpapier is altijd meer dan welkom, maar ook pampers of maandverband. En toetjes: we willen mensen zo graag even verwennen met een lekker gerechtje na het eten. Boodschappen zijn ook nooit weg. Mensen kunnen gewoon contact met mij opnemen over wat ze zouden willen aanbieden."

Ferslachjouwer Willem de Vries op de kemping diel 1

Ferslachjouwer Willem de Vries op de kemping diel 2

(advertinsje)
(advertinsje)