A6 by De Lemmer rjochting De Jouwer ôfsletten: omride fia Swolle

23 jul 2019 - 19:59

Op de A6 by De Lemmer rjochting De Jouwer hat tiisdei oan it begjin fan de jûn in slim ûngelok plakfûn. Neffens de melding soe der neist in persoanewein ek in frachtwein by it ûngelok belutsen wêze.

Rykswettersteat hat in omlieding ynsteld oer Swolle. De rydbanen fan de rjochting De Lemmer nei De Jouwer binne op it stuit ôfsletten.

Troch it ûngelok is de dyk rjochting Fryslân ôfsletten - Foto: Jaring Rispens
(advertinsje)
(advertinsje)