Gemeente De Fryske Marren wol witte wat fytsers fan de paden fine

De Fryske Marren wol witte hoe't se mear minsken feilich fytse litte kin yn de gemeente. Dêrom dogge se ûndersyk nei it fytsnetwurk fan De Fryske Marren. De gemeente freget ynwenners dy't gauris op 'e fyts stappe aktyf mei te tinken. "We wolle witte hoe't de fytsers it fytsen hjir belibje", seit wethâlder Frans Veltman.
© Google Street View
Net dat it no net feilich is yn de gemeente, mar se wolle witte hoe't de minsken der om tinke. "Dat komt fuort út ús koälysje-akkoart, wêrby't we oandacht frege ha foar de feilichheid op de fytsrûten." Dêrby giet it net allinnich om it netwurk mei fytsknooppunten, mar ek om trochgeande rûten.

Kin feilichheid better?

De gemeente hat de ôfrûne perioade wol wurke oan de fytspaden. "We ha in hiel soad tegelpaden feroare yn betonpaden. Sa ha we in enoarme kwaliteitsslach makke", neffens Veltman. "Mar we wolle no dus witte hoe't de fytsers it belibje. Tinke se dat de feilichheid better kin bygelyks?"
Veltman mei sels ek graach fytse en hy wit wol in plak om ris nei te sjen. "It ferlingde fan de Wieldyk fan Bakhuzen nei Riis bygelyks. Dêr is in soad autoferkear en der lizze gravelstripen njonken de dyk. Dat moatte we meinimme."
Wethâlder Frans Veltman