Drachtster (52) krijt wurkstraf foar stellerij

23 jul 2019 - 17:19

In 52-jierrige Drachtster krijt 180 oeren wurkstraf foar stellerij fan in hûn fan in kunde. Ek krijt de man twa moanne selstraf ûnder betingst. Dat hat de rjochtbank yn Ljouwert bepaald.

De fertochte hie yn maaie foarich jier ynbrutsen by de kunde en syn hûn meinommen. Ek hie hy yn in oantal winkels ynbrutsen. Mei dêrtroch krige hy in gebietsferbod foar it sintrum fan Drachten. Dêr luts de man him lykwols net al te folle fan oan. Fierder hie hy ek noch ynbrutsen op in kamping op it Amelân. Dochs hoecht de man no net de sel yn, om't er op it stuit wurk hat yn Frankryk. En dat sjocht de rjochter as in positive ûntwikkeling. Wol is dit syn lêste kâns om der noch wat fan te meitsjen, sa sei de rjochter.

(advertinsje)
(advertinsje)