Ploech fan Pieter Weening sûnder sponsor

23 jul 2019 - 17:01

Hurdfytser Pieter Weening rekket sûnder ploech nei dit seizoen. Sponsor Roompot-Charles hâldt der mei op. Weening en syn ploech moatte no sykje nei in nije jildsjitter. Wat dit nijs foar Weening betsjut, is noch ûndúdlik.

Foto: www.orange-picturers.nl

De profesjonele hurdfytser fan De Harkema is 38 jier en hast oan de ein fan syn karrière. Njonken Weening reitsje ek hurdfytsers as Lars Boom en Boy van Poppel sûnder wurk. Roompot begûn yn 2015 mei in profesjonele hurdfytsploech mei allinne mar Nederlanners. Nei de fúzje mei Vérandas Willems-Crelan dit seizoen feroare de ploechnamme yn Roompot-Charles en waarden der ek Belgyske hurdfytsers oanlutsen.

(Advertinsje)
(Advertinsje)