Heger berop tsjin Brandweeropleidingen Noord

23 jul 2019 - 16:35

Steatssekretaris Van Ark fan Sociale Saken wol dat de BON - de Brânwachtopliedingen Noard- in boete krijt foar in bedriuwsûngelok yn maaie 2015. By in brânoefening op in skip yn Aldehaske rûnen twa kursisten doe slimme brânplakken op.

Foto: Omrop Fryslân, Aise van Beets

Earder waard dêrfoar in boete fan 7200 euro oplein oan de BON, mar dy waard letter skrast omdat de BON net de wurkjouwer is fan de kursisten. Steatsekretaris Van Ark is it dêr nei mei iens en giet yn heger berop by de Ried fan Steat yn Den Haach. Van Ark fynt dat de Brânwachtoplieding de Arbowet oertreden hat. De Ried fan Steat docht oer seis wiken útspraak.

Arbeidsfeiligheid by opliedingssinra

Direkteur Piet Bouman fan BON sei tiisdei yn Den Haag dat de twa kursisten, oansletten by de brânwachtgroep fan Ternaard, hielendal wersteld binne. Bouman kin him fine yn de útspraak fan de rjochtbank. Hy wiist dêrby ek op it grutte dilemma dêr't it brânwachtopliedingssintrum mei te krijen hat as it giet om arbeidsfeiligheid. ''Waar iedereen te horen krijgt dat ze moeten wegwezen bij een brand, leiden wij de mensen juist op om naar het gevaar toe te gaan''.

Arbowet

It ministearje fan Sosjale Saken en Wurkgelegenheid wol graach dat opliedingssintra lykas de BON ek ûnder de Arbowet falle. ''We moeten kunnen optreden als er gevaarlijke situaties zijn''', seit in wurdfierder fan it ministearje. BON falt ûnder de Feiligheidsregio en wurdt dêr ek út betelle. De Feiligheidsregio betellet de brânwachtkursisten ek in oerlean foar harren opliedingsdagen of at se oppiept wurde om as ekstra minsken mei te gean at de brânwacht útrukt.

(advertinsje)
(advertinsje)