Drachtster (33) moat in jier de sel yn om deaslach

23 jul 2019 - 16:31

In Drachtster fan 33 jier, dy't yn de nacht fan 1 op 2 septimber ferline jier yn syn wenplak twa minsken mishannele, moat in jier de sel yn. De Ljouwerter rjochtbank sei dat de Drachtster him skuldich makke hat oan poging ta deaslach: hy sloech en skopte in man tsjin 'e holle. In frou dy't dertusken komme woe, krige in klap tsjin 'e holle.

De rjochtseal yn Ljouwert - Foto: Omrop Fryslân, Joris Kalma

Neffens de reklassearring hie de Drachtster syn libben goed op streek. Hy stiet bekend as freonlik en behelpsum en psychyske problemen soene der net wêze. De rjochtbank tinkt dêrom dat te folle alkohol de oarsaak is fan de agresje fan de man.

Boppe de selstraf hat de man ek in healjier finzenisstraf ûnder betingst krigen. Hy moat him behannelje litte en komt ûnder tafersjoch fan de reklassearring. Hy moat goed 2.000 euro skeafergoeding betelje oan de beide slachtoffers.

Trefwurden: 
Drachten selstraf deaslach
(Advertinsje)
(Advertinsje)