UPDATE: Grutte skuorrebrân yn Wjelsryp liket ûnder kontrôle

23 jul 2019 - 16:46

Yn in skuorre oan de Oasterein yn Wjelsryp hat tiisdeitemiddei in grutte brân west. Yn de skuorre wie in trekker yn 'e brân flein. Njonken de skuorre leit in grutte wenbuorkerij mei in reiten tek. De brânwacht hat dat wiet makke, om foar te kommen dat dat ek yn de brân fljocht. Dat is slagge. Nei in oere wie de brân ûnder kontrôle.

Neffens de brânwacht wiene der gjin persoanen en ek gjin fee mear yn it gebou. De skuorre kin wol as ferlern beskôge wurde, seit brânwachtwurdfierder Rutger de Groot.

De reekwolk boppe de brân wie fan grutte ôfstân te sjen. Der is by de brânwacht noch neat bekend oer gefaarlike stoffen.

Brânwachtwurdfierder Rutger de Groot

Foto: De Vries Media
Trefwurden: 
brân Wjelsryp stâlbrân
(advertinsje)
(advertinsje)