Rêdingsstasjons fan Skier en Lauwerseach traine mei-inoar

23 jul 2019 - 15:38

De rêdingsstasjons fan Lauwerseach en Skiermûntseach hawwe moandei yn oparbeidzjen mei Lifeguards en de ambulânsetsjinst in oefening hâlden op Skiermûntseach.

Strânwacht - Foto: Omrop Fryslân, Ronald van der Pol

Sabeare gie it om de fermissing fan meardere persoanen. Dat barde nei in eksploazje op in skip foar it strân fan Skier. By de oefening moasten de slachtoffers opspoard wurde, dêrnei waarden se nei de wâl brocht. Neffens de ynstânsjes is it tige belangryk om mei-inoar te oefenjen, bedoeld om de feiligens fan it gebiet sa goed mooglik te garandearjen.

(Advertinsje)
(Advertinsje)