Fryslân Boppe op 'e fyts

Fryslân en Seelân binne de bêste fytsregio's fan Nederlân. Dat blykt út ûndersyk fan it Fietsplatform. Der is sjoen nei it rekreative oanbod foar de fytsers en de kwaliteit fan de fytsrûten yn de provinsjes.
Mountainbike © Shutterstock.com
It Fietsplatform wurket mei stjerren. Fryslân en Seelân krigen beiden de maksimale skoare fan fiif stjerren, sa blykt út de Kwaliteitsmonitor 2019. Yn Nederlân leit likernôch 34.000 kilometer oan knooppuntrûtes. Mei de Kwaliteitsmonitor hat it Fietsplatform ûndersyk dien nei de ferskillen fan it rekreative oanbod fan dy fytspaden.
Fytslân
Nederlanners meitsje mei elkoar 191 miljoen rekreative fytstochten yn it jier, en geane mear as in miljoen kear op fytsfakânsje yn eigen lân. Noard-Brabân, Limboarch, Utert, Drinte en Gelderlân meie harren mei 4,6 stjer lykwols ek in echte fytsregio neame. Provinsje Grinslân krige 4 stjerren en Flevolân 3,5 stjer.