Twa deaden oantroffen yn wenning Stiens

23 jul 2019 - 14:47

Yn in wenning oan de Regnerus Falcostrjitte yn Stiens binne tiisdei twa ferstoarne persoanen oantroffen. De strjitte is ôfset en forinsysk resjerseurs dogge ûndersyk.

Yn earste ynstânsje wiene der fermoedens fan koalmonoksidefergiftiging, mar út mjittings fan de brânwacht hat bliken dien dat dat net it gefal is. Neffens de plysje binne der gjin oanwizingen foar in misdriuw, mar dêr wurdt fierder ûndersyk nei dien.

Foto: Kappers Media
Trefwurden: 
Stiens koalmonokside deaden
(advertinsje)
(advertinsje)