Ien persoan ferwûne nei ûngelok yn Broeksterwâld

23 jul 2019 - 14:08

By in ferkearsûngelok op de Kavelwei yn Broeksterwâld is tiisdeitemiddei ien persoan ferwûne rekke. In auto kaam yn oanriding mei in buske.

Foto: Srfotografie

De brânwacht kaam ek nei it plak fan it ûngelok, omdat it der even op like dat in persoan beknypt wie. Uteinlik is de ferwûne persoan opfong troch it ambulânsepersoniel. De dyk hat even ticht west.

(advertinsje)
(advertinsje)