Tsien tips fan Omrin tsjin stjonkende konteners: doch klimop deryn

23 jul 2019 - 14:01

Hoe foarkomme je stjonkende konteners mei it hjitte waar? Offalferwurker Omrin hat dêr in tsiental tips foar op syn webside set. "In protte minsken ha wol lêst fan maitsen yn de biobak. As je dêr wat takken klimop yn lizze, dan hâlde je de maitsen wol op ôfstân", seit Jan Bergsma fan Omrin. It mei trouwens ek lavindel wêze, as der gjin klimop foarhannen is.

Offalwein - Foto: Omrin

Fierders is it tûk om gjin smoarge ruften yn de kontener te dwaan. It is better om se earst yn in tichte pûde te dwaan en dêrnei pas yn de kontener.

It is ek ferstannich om de kontener yn it skaad del te setten. En ast al fruchtemichjes hast, helpt it om wat jittik mei wat ôfwaskersguod yn in bakje te dwaan. En logysk, mar hiel wichtich: de kontener skjin hâlde. Geregeld de kontener skjin meitsje mei wetter en jittik of griene sjippe soarget foar minder stank en ûngedierte.

Jan Bergsma fan Omrin

Trefwurden: 
waarmte Omrin stank konteners
(advertinsje)
(advertinsje)