Ynienen meitraine mei Suriname foar âlde SC Hearrenfeantribune

23 jul 2019 - 13:05

Sa binne je op fakânsje, sa spylje je mei by it nasjonale team fan Suriname. It oerkaam Demo Giorny Koida (17). Koida, jeugdspiler fan SC Hearrenfean, is oan it genietsjen fan syn fakânsje doe't Dean Gorré, bûnscoach fan it Surinaamsk alvetal, him frege om mei te trainen en dat oanbod koe Koida net wegerje.

It ferhaal begjint as folgt. Hendrik Pasveer is meiwurker by SC Hearrenfean. Hy is mei ferantwurdlik foar it ûnderhâld by de klup. Pasveer is mei de hiele húshâlding op fakânsje yn Suriname en syn styfsoan Demo is ek mei. Mei syn beiden geane se nei it André Kamperveenstadion yn Paramaribo.

It André Kamperveenstadion is oait boud mei help fan SC Hearrenfean. Doe't SC Hearrenfean yn de njoggentiger jierren nei it nije Abe Lenstra Stadion gie, bleau de âlde haadtribune oer. Dêryn hiene se yn Paramaribo wol ynteresse. Sa skonk SC Hearrenfean de âlde tribune oan de Surinamers. "Doe't se by SC Hearrenfean hearden dat we nei Suriname giene, seine se dat ik ek even by de âlde tribune sjen moast", seit Pasveer.

Meitraine

Pasveer en Koida komme oan by it stadion, mar gjin ien dy't wat wit. Oant it momint dat se by in kantoar njonken it stadion komme. In doarke giet iepen en it blykt it bûnsburo te wêzen. Dêr reitsje se oan de praat. Se freegje nei de tribune en prate oer fuotbal. "Sa fertelde ik dat Demo ek fuotballet. Hy spilet by SC Hearrenfean Under 19", seit Pasveer en lit wat filmkes sjen fan syn styfsoan. "Doe seine se fuort: 'hij moet meetrainen.'"

Koida kriget in tiid en lokaasje mei en de folgjende moarne traint er mei. De minsken fan de bûn bringe him yn kontakt mei bûnscoach Gorré (âld-spiler fan Ajax en Feyenoord) en in oantal spilers fan de nasjonale seleksje. "Demo hat twa kear meitraind en Dean is wol entûsjast. Neffens Dean kinst wol sjen dat Demo in goede oplieding hân hat."

Foar Nederlân spylje

Koida spilet as ferdigener by SC Hearrenfean, mar neffens Pasveer is it net de bedoeling dat syn styfsoan no foar Suriname fuotbalje sil. "Demo wol him ûntwikkelje by SC Hearrenfean en úteinlik foar Nederlân spylje, mar dit is fansels wol gewoan in goed ferhaal."

En hoe it dan sit mei dy âlde tribune fan SC Hearrenfean? "Neffens de minsken dêr leit it hout fan dy tribune yntusken yn de haven. It grutste part fan it hout is yntusken fuort, mar de stuoltsjes brûke se noch altyd."

Trefwurden: 
SC Hearrenfean Suriname
(Advertinsje)
(Advertinsje)