Tsjinstanners hurdfarren Burgumer Mar: betingsten waarden ek skeind

23 jul 2019 - 12:52

Natuer- en lânskipsferiening De Wâlden, De Marren is de partij dy't oan de rjochter frege hat om it hurdfarren op de Burgumer Mar te ferbieden. Se hiene al op 13 juny de rjochter frege om útspraak te dwaan tsjin de pilot. Uteinlik hat it dus sa'n fiif wiken duorre foardat de rjochter útspraak dien hat. Tiisdeitemoarn waard bekend dat de pilot stopset is.

Foto: Omrop Fryslân, Timo Jepkema

Neffens foarsitter Mirjam Frieswijk fan De Wâlden, De Marren ha hurdfarders op de Burgumer Mar harren de ôfrûne wiken net oan de betingsten fan de proef holden. De hurdfarders soene bûten de boeien farre, seit Frieswijk. Ek seit se dat se langer farre as tastien, trochfarre nei De Leyen en boppedat soene der jetsky's farre, wylst dat net tastien is. De natuer- en lânskipsferiening hat de oertrêdingen melden oan de provinsje, seit Frieswijk.

De pilot hurdfarren fan de provinsje hold yn dat it fan heal juny oant heal septimber tastien wie om hurd te farren op de Burgumer Mar. Dat soe dit jier en takom jier meie.

Dêr wiene betingsten oan ferbûn: allinnich tusken 9.00 oere en 18.00 oere. Normaal mochten de boaten maksimaal 9 kilometer yn de oere, mei de proef mochten se yn in spesjale sône hurder as 20.

Fokko Eibergen, eigener fan camping Bergumermeer, baalt flink fan it nijs. "Er was niets aan de hand, iedereen was heel positief. Het is jammer dat een paar mensen anderen niets gunnen", seit er, doelend op de groep dy't nei de rjochter stapt is.

Ek foar syn campinggasten is it in teloarstelling: "We hebben gasten op onze camping die een boot hebben, zij worden nu gedupeerd", seit Eibergen. "De mensen waren er klaar voor, nu ze vakantie hebben. En het gaat niet om alleen ons vakantiepark, maar om heel Noordoost-Fryslân. De mensen hoefden nu niet meer naar Sneek, ze konden mooi hier varen. Maar nu dus niet meer."

We wisten ook niet dat er beroep was ingesteld, dus het was voor ons een donderslag bij heldere hemel.

Fokko Eibergen, eigener camping Bergumermeer

De campingbaas wie fernuvere doe't er hearde dat der in streek troch de hurdfarproef gong. "We wisten ook niet dat er beroep was ingesteld, dus het was voor ons een donderslag bij heldere hemel", seit er.

De útspraak fan de rjochter is in foarriedige foarsjenning. Kommende moandei jout de rjochter in definitive útslach. "De rechter kan nog besluiten dat de voorziening gehandhaafd wordt, maar in oktober dient het echte bezwaar. Dan zou het zomaar kunnen dat de bezwaren van tafel gevaagd worden, maar dan hebben we dit jaar verloren."

"Keurich oan de regels holden"

Ronald Kiewit is ien fan de gasten op de camping fan Eibergen. Hy kaam dêr just om te hurdfarren. "Dit falt ús hiel rau op it dak. Gjinien hjir hie dit ferwachte. It is no fan de iene op de oare dei gebeurd mei dy pilot. Wat moatte we no?" Kiewit hie sels ynvestearre yn nij goed. "In boatsje oanskaft en alle attributen dy't dêrby hearre. We ha hjir de hiele tiid op sitte te wachtsjen. En oars fearen we noch wolris yllegaal, mar no ha we ús keurich oan de regels holden."

(advertinsje)
(advertinsje)