Hoe wolle jo it leafst wenje yn Waadhoeke? De gemeente wol it witte

23 jul 2019 - 12:28

Gemeente Waadhoeke wol fan har ynwenners witte hoe't se it leafste wenje. Mei in online fragelist kinne minsken harren winsken kenber meitsje.

Gemeente Waadhoeke - Foto: Omrop Fryslân

De gemeente wol sa in nije wenfyzje opstelle en dêrnei yn petear gean mei doarpen en wiken oer de nije plannen foar de takomst.

Ynwenners dy't meidogge oan de enkête, wurdt ek frege plakken yn Waadhoeke oan te wizen dêr't neffens harren kânsen lizzen of dêr't just wat oan gebeure moat.

Trefwurden: 
enkête Waadhoeke wenjen
(advertinsje)
(advertinsje)