Doke Schmidt kiest foar pikante stap nei SC Cambuur, dat ek nije keeper hat

23 jul 2019 - 12:04

SC Cambuur hat tiisdeitemoarn twa nije spilers presintearre. Keeper Sonny Stevens en ferdigener Doke Schmidt spylje takom seizoen yn Ljouwert. Dy lêste makket dêrmei in opfallende oerstap: hy kaam ôfrûne seizoen út foar rivaal SC Hearrenfean.

Stevens (27) spile it ôfrûne seizoen by Excelsior. Hy begûn syn karriêre by FC Volendam en keepte dêrnei by FC Twente en Go Ahead Eagles, foardat er nei Rotterdam gie. SC Cambuur wurdt syn fiifde wurkjouwer.

F.l.n.r.: Sonny Stevens, technysk manager Foeke Booy en Doke Schmidt - Foto: Omrop Fryslân, Willem Vermeltfoort

De stap fan Schmidt nei SC Cambuur is in pikante. De 27-jierrige ferdigener kaam - op in ferhierperioade oan Go Ahead Eagles nei - syn hiele karriêre út foar SC Hearrenfean, mar oan dy tiid kaam ôfrûne simmer in ein. Syn kontrakt waard net ferlinge, wêrtroch't er transferfrij wie. Schmidt spile 105 wedstriden yn de earedifyzje en skoarde dêryn trije kear.

(advertinsje)
(advertinsje)