LIVEBLOG: Tropysk waarm, fertragingen op it spoar en op Ofslútdyk

23 jul 2019 - 17:33

It is dizze wike tropysk waarm yn Fryslân. De ferwachting is dat it tiisdei yn de provinsje sa'n 29 graden wurdt. Woansdei, tongersdei en freed komt it kwik sels fier boppe de 30 graden. It KNMI hat koade oranje ôfkundige, Liander ferwachtet mear stroomsteurings en ferskate eveneminten wurde oanpast of ôfsein. Folgje yn dit liveblog al it nijs dat te krijen hat mei de hjitte.

7:20
Liveblog woansdei

Sjoch hjir foar it liveblog fan woansdei.

18:41
Fleskes soargje foar autobrân

Kinst dyn fleske wetter better net yn 'e auto lizze litte. It wetter yn de fleskes kin nammentlik as fergrutglês wurkje, wêrtroch't in autobrân ûntstean kin. De brânwacht fan Oklahoma hat lêst in test útfierd, wêrby't se in fleske wetter yn it ljocht fan de sinne lizze lieten. It wetter fersterke de waarmte fan it ljocht mei 120 graden.

17:39
Stilstean op de Ofslútdyk

De brêge yn de Ofslútdyk by Koarnwertersân wol net mear hielendal ticht troch de waarmte. De brânwacht kuollet de brêge mei wetter. It ferkear rjochting Noard-Hollân wurdt oer de oare rydstreek laat.

Foto: Kappers Media
17:29
Fertraging op it spoar

Der waard al warskôge foar mear steuringen op it spoar. Dat wie net foar neat, blykt. Fan 'e moarn wiene de earste fertragingen al tusken Ljouwert en Grins, fan 'e middei foelen ritten tusken Ljouwert en Harns Haven út en ek dizze jûn giet it mis: troch in sein- en wikselsteuring is der gjin treinferkear tusken Ljouwert en Hurdegaryp. Arriva set dêrom bussen yn.

Spoarbehearder ProRail ferwachtet dat it oant 20.00 oere duorret.

17:10
Sa gie it hjoed
14:16
'Kom mei lokale hjitteplannen'

It Klimaatverbond ropt gemeenten op om takom jier mei lokale hjitteplannen te kommen. Mei ekstreme temperatueren komt der no noch in lanlik hjitteplan fan it RIVM, mar lokale maatregels soene better wêze, neffens it Klimaatverbond. "Denk aan maatregelen als gekoelde supermarkten die wat extra stoelen bij de koffietafel zetten; huisartsen die de medicatie van kwetsbare mensen checken of het mobiliseren van de vele lokale organisaties die zijn betrokken bij eenzaamheidsbestrijding."

13:46
Tink om blau-alch

Troch it waarme waar is de kâns op blau-algen ek grutter. Ferskate gemeenten warskôgje dat minsken derom tinke moatte. Op zwemwater.nl stiet wêr'tst feilich swimme kinst en wêr just net.

Trefwurden: 
waarmte hjitte
(Advertinsje)
(Advertinsje)