Marit Bouwmeester hat maleur en sakket nei it fjirde plak op WK silen

Sylster Marit Bouwmeester fan Warten is op it WK Laser Radial yn Japan sakke nei it fjirde plak. Se waard yn de races fan tiisdei tolfde en njoggende. By de twadde wedstriid fan tiisdei hie se maleur mei it materiaal. Mirthe Akkerman fan Akkrum is klom fan it 38e nei it 24e plak.
Marit Bouwmeester (argyf) © Topzeilen Watersportverbond
Bouwmeester stie foar de wedstriden fan tiisdei noch tredde. Al sûnt it begjin fan it WK yn de baai fan Sakaiminato stiet der mar in bytsje wyn. Tiisdei, op de foarlêste dei, wie dat einliks oars. Troch de maleur oan it materiaal, koe Bouwmeester de twadde wedstriid fan tiisdei minder tempo meitsje.

Ferskil is 24 punten

Kommende woansdei is de lêste dei fan it WK. Bouwmeester makket noch hieltyd kâns op de wrâldtitel, mar dat wurdt wol dreech. De Friezinne hat 68 punten, klassemintslieder Anne-Marie Rindom út Denemarken 57. Boppedat komt der moarn in twadde 'ôflûkwedstriid' by (de sylsters meie de twa minste races fuortstreekje) en dat betsjut dat it ferskil sels 24 punten is. "Winne is net mear ûnmooglik, mar we ha it net mear folslein yn eigen hân", seit Bouwmeester.
"Ik ha op sich goed syld, mar krekt net goed genôch en it sit ek net mei. By de start fan de twadde race bruts in blok fan ien fan de trimelinen. Dêrtroch koe ik myn foarlyk net mear oanlûke."