Koade oranje fanwege hjitte, allinnich yn Waadgebiet jildt koade giel

23 jul 2019 - 10:03

It KNMI hat tiisdeitemoarn foar it folsleine lân, útsein de Waadeilannen, koade oranje ôfkundige fanwege de ekstreme waarmte. Allinnich yn it Waadgebiet jildt koade giel.

Strân - Foto: ANP

De maksimumtemperatueren lizze tiisdei tusken de 30 en de 34 graden. Yn it Waadgebiet rint de temperatuer ek op, mar de ferwachting is dat it dêr net boppe de 30 graden wurdt.

Woansdei wurdt it noch hjitter en kin de temperatuer útkomme tusken de 32 en 35 graden. Fanwege de hjitte is lanlik it nasjonaal hjitteplan fan it RIVM fan krêft.

Trefwurden: 
waar Waadgebiet hjitte
(advertinsje)
(advertinsje)