Pilot stopset: foarearst ein oan hurdfarren op Burgumer Mar

23 jul 2019 - 08:50

It hurdfarren op de Burgumer Mar is fan tiisdei ôf wer ferbean. Der wie in pilot om it hurdfarren de kommende twa jier fan heal juny oant heal septimber ta te stean, mar der wie berop yntsjinne tsjin dit beslút fan de provinsje. De rjochter giet dêr foarearst yn mei.

Hurdfarre - Foto: ANP

De rjochter hat in foarriedige útspraak dien en besletten dat de pilot stopset wurde moat. De definitive útspraak folget folgjende wike moandei. De provinsje hellet tiisdei de giele boeien út it wetter dy't it hurdfargebiet markearje.

Eigener Fokko Eibergen fan Camping & Vakantiepark Bergumermeer reagearret flink teloarsteld op it nijs. "Hier had ik absoluut geen rekening mee gehouden. Het wordt ook nog een hele uitdaging om alle campinggasten te informeren die speciaal bij ons komen voor het snelvaren. En er komen ook veel gasten uit de regio."

"We laten het er niet bij zitten en wachten eerst op de definitieve uitspraak van de rechtbank, komende maandag. Hopelijk pakt die uitspraak beter voor ons uit."

Deputearre Avine Fokkens wol oant de rjochtsaak fan moandei foarearst noch net reagearje op it stilsetten fan de pilot.

Trefwurden: 
Burgumer Mar hurdfarren
(advertinsje)
(advertinsje)