Kollum: "It libben is fierstente moai"

"Hurdfytsen is de meast mytyske sport dy't der is. It bealgjen fan de sportive minske yn de soms wrede natuer smyt ymponearjende ferhalen oer tsjinslach en súksessen op. It is dan ek net tafallich dat him krekt yn dy sport in gefal foardocht dat mei rjocht en reden in echte myte neamd wurde kin."
© Omrop Fryslân, Joris Kalma
De Toan fan Willem Schoorstra
"Foarige wike wie Stig Broeckx te gast yn Vive le Vélo, sis mar de Belgyske Avondetappe, mar dan better. Stig Broeckx wie in hurdfytser. In grut talint, dat yn syn earste jier as prof fuortendaliks selektearre waard foar it Ronde van Vlaanderen-tiim fan syn ploech. Op syn 23e kundige him in prachtige karriêre foar de jonge Stig oan. Trije jier letter rekke er by in falpartij yn it peleton slim ferwûne oan de holle. Hy hie gâns skea oan de harsens, reagearre net op prikkels lykas lûd en beweging. Stig Broeckx rekke yn in fegetative koma, de foarútsichten wiene striemin. As er it libben derôf rêde soe, ferwachten de dokters dat er in kasplantsje waard, in minske dat net mear selsstannich azemje, ite of drinke koe. Hy soe stjerre, of sa goed as dea wêze.
Lykwols waard Stig Broeckx nei seis moanne wekker út syn koma. Hy wist net mear wa't er wie, mar hy begûn mei-ienens oan in swiere refalidaasje. De kâns dat er oait noch stean koe, rinne of sels fytse, waard op nul skat. Dochs wie dat in boadskip dêr't Stig Broeckx neat mei koe. Letterlik stapke foar stapke wurke er bikkelhurd om fan in kasplantsje wer in minske te wurden. Op in stuit moast er googelje en filmkes op youtube besjen om út te finen wa't er west hie. In hurdfytser, sa die bliken. Ien fan syn doelen waard dus om oait wer op in fyts te sitten. Sa't oare doelen rinnen en praten waarden. Mei in protte gelok en noch mear wilskrêft is him dat slagge.
De ôflevering fan Vive le Vélo mei Stig Broeckx as gast wie der ien om noait te ferjitten. Dêr siet in jongkeardel fan 29, in oar minske as dat er west hie, ien dy't him net ferbiet om wat wêze kinnen hie, mar oprjocht bliid wie om dat wat der is. 'Minsken moatte it net te rap oerjaan,' sei er, 'it libben is fierstente moai.' Eric Goens, in programmamakker dy't Broeckx al in pear jier folget om in film oer him te meitsjen, sei dat Stig minsken ynspirearret, dat se him soms oanreitsje as soe er in wûnder wêze, in hillige.
Doe besefte ik dat ik nei in myte siet te sjen. It archetype fan in minske dat de bekende maatskippij ferlit, dy't delgiet yn de ûnderwrâld om besikingen te trochstean, om dêr úteinlik as in oar minske út werom te kommen. Myten meitsje dúdlik dat wy ree wêze moatte om it libben, dat wy foar ússels útstippele ha, los te litten, om dat libben hawwe te kinnen wat ús wachtet. Se litte ús sjen dat it libben in gedicht is dêr't wy sels yn meidogge. Dat it gjin doel hat om te freegjen wat de sin dêrfan is, ast sels it antwurd bist.
Soks wie de les fan Stig Broeckx. In posityf, bemoedigjend boadskip. Kleare libbenswiisheid. Sa't myten dy jouwe."