Eefkes byprate mei: Rinus de Jong fan it Jouster skûtsje

De simmerfakânsje is begûn, mar it fakânsjegefoel komt by de measte Friezen pas écht wannear't de skûtsjes oan de start steane fan it SKS skûtsjesilen. Wy binne de klear foar, mar hoe sit dat mei de skûtsjeteams sels? Wy lizze alle skûtsjeskippers in pear fragen foar. Hjoed Rinus de Jong fan it skûtsje fan De Jouwer.
Rinus de Jong © Martin de Jong
Rinus de Jong is sûnt 2018 skipper fan it skûtsje fan De Jouwer. Yn dat earste seizoen einige Rinus mei De Jouwer op it alfde plak.
Hoe is it mei de teamspirit?
"Dat wurdt allinnich mar better en better. Foarich jier binne we begûn mei dit team en we groeie allinnich mar. It is in leuke aparte ploech, ast ús byinoar sjochst tinkst; dy doge lang net, mar op it skip wurket it perfekt."
Hokker plakje is neffens jim it moaist om te silen?
"Dat is de Snitser Mar, dus by Terherne en Snits. It is ek de mar dêr't wy op traine, dus it is foar ús bekend terrein."
Wat sille jim dit jier oars dwaan?
"We moatte ús eigen koers farre en betrouwen hawwe yn ússels. Foarich jier lústeren wy noch wolris nei in oar, mar dat moatte we dit jier net mear dwaan."
Hawwe jim noch saken oan it skip feroare?
"Ja, der binne nije swurden op kaam en de trime is oanpast. Krekt foar de SKS prolooch is hy wer yn it wetter kaam."
Wat meie wy net fan jim witte?
"Wat in stomme fraach."
Wat is it bêste iten om op de silen?
"Wy ite it leafst waarm, mar der moat wol wat ôfwikseling yn sitte. Hollânske pot befâlt ús altyd goed. It Haske fersoarget ús iten en dy witte eksakt wat wy lekker fine."
Hokker skip sjogge jim as de grutste konkurinsje?
"Ik haw werklik gjin idee. Ofrûne jier wie ús earste jier, dus it is noch wat útfine op hokker plakje wy krekt steane. Moatst ús oer twa wiken mar wer even belje, dan witte we mear."
Wêrom sille jim dit jier winnen?
"Pfoe, ik hoopje wol dat wy dit jier ris in wedstriid winne. Wy dogge yn elts gefal goed ús bêst. De skippen dy't dit jier stride om it kampioenskip binne neffens my Grou, Akkrum en Huzum."
It skûtsjesilen is fan sneon 27 july ôf alle dagen live te folgjen by Omrop Fryslân. Op radio te harkjen yn de deistige programma's fia 92.2FM. Op telefyzje is fan dit jier ôf in spesjaal programma te sjen mei folslein en streekrjocht ferslach fan de wedstriid mei live kommentaar fan start oant finish. Jûns om 18.20 oere sjogge we yn 'Skûtsjesilen 2019' werom op de wedstriid fan de dei. Mear ynformaasje is te finen op Omropfryslan.nl/skutsjesilen.