Feemerk giet woansdei fanwegen de waarmte net troch

22 jul 2019 - 21:58

De feemerk fan Ljouwert giet woansdeitejûn net troch. Der wurde hege temperatueren ferwachte en neffens regeljouwing meie bisten dan net ferfierd wurde at it 35 graden of heger wurdt.

De feemerk no - Foto: Omrop Fryslân, Hayo Bootsma

Ynspekteurs fan de Nederlandse Voedsel- en Warenautoriteit fiere kontrôles út. Foarsitter Andries Kingma fan de feemerk yn Ljouwert seit dat dit de earste kear is dat de feemerk net trochgiet fanwegen de waarmte. Ferline jier drige it ek, mar doe koe de hannel letter op de jûn plakfine, omdat de temperatuer doe ôfkuolle.

It net trochgean fan de merk hat gjin finansjele gefolgen. Kingma ferwachtet dat de kij de kommende wiken ferhannele wurde kinne. Der komme yn it generaal wykliks 400 oant 450 kij op de Ljouwerter feemerk. De skieppemerk tiisdeitemoarn en keallemerk tiisdeitejûn geane wol gewoan troch.

(advertinsje)
(advertinsje)