Ferwûnen by botsing by ûngelok Muntsjesyl

22 jul 2019 - 21:08

Twa auto's binne moandeitemiddei op de Oosterwaarddijk swier skansearre rekke by in ferkearsûngelok. In bestjoerder rekke dêrby beknipe yn syn auto en moast troch de brânwacht befrijde wurde.

Twa auto's rekken swier skansearre - Foto: Pronews

Ek in twadde persoan soe ferwûne rekke wêze. Hoe't it ûngelok krekt barre koe is noch net dúdlik. De dyk hat in skoft ôfsletten west.

Trefwurden: 
Oosterwaarddijk
(Advertinsje)
(Advertinsje)