Nije eigeners socht foar Seedykstertoer by Marrum

22 jul 2019 - 20:41

Rekreaasjebedriuw 'de Seedykstertoer' oan de Waadseekust by Marrum stiet te keap. Eigeners Gerben en Aukje Visbeek komme op leeftiid en wolle mear tiid frijmeitsje foar de bernsbern. Oant it kompleks ferkocht is, gean se noch gewoan troch.

By de Seedykstertoer kinne toeristen in rûntocht oer it Noarderleech meitsje, de grutte silo beklimme, in terraske pakke en kampeare op de minicamping. Fierder binne der sealen foar feesten en is der sels in museum. Gerben Visbeek hopet dat de nije eigener it bedriuw trochset sa't hy en syn frou dat ek diene. Der hoecht om him gjin grutskalich rekreaasjepark fan makke te wurden, dat soe neffens him net passe by it karakter fan de rêst en wiidsheid fan it Noarderleech.

Gerben Visbeek fan de Seedykstertoer - Foto: Omrop Fryslân, Geartsje de Vries

Ferslachjouwer Geartsje de Vries praat mei Gerben Visbeek

(Advertinsje)
(Advertinsje)