Sint Nykster feroardiele fanwege ynternetoplichting

22 jul 2019 - 20:17

In man fan 32 út Sint Nyk is moandei feroardiele ta in wurkstraf fan 100 oeren foar ynternetoplichting. De man ferkocht kaartsjes foar konserten fan Marco Borsato, kaartsjes foar de Efteling en mobile telefoans. Mar hy levere dit guod nea en brûkte it jild dat binnenkaam om te gokken.

Ynternetkriminaliteit - Foto: ANP

De man waard al ris earder feroardiele, dat wie yn 2012. De nije oanjeften giene oer 2015 oant 2017. Der wiene njoggen slachtoffers, dy't harren ferhaal by de plysje meld hiene, mar dat is nei alle gedachten noch mar it topke fan de iisberch. Neffens it lanlik meldpunt ynternetoplichting soe hy miskien wol belutsen wêze by 1.000 gefallen fan oplichting. Yn 2016 is de man heard troch de plysje, mar dêrnei gie hy troch mei de oplichting. De rjochter hat boppe de wurkstraf twa moannen selstraf ûnder betingst oplein.

Trefwurden: 
Sint Nyk
(Advertinsje)
(Advertinsje)