Jongerein út de hiele wrâld wei op útwikselingsbesite yn Fryslân

22 jul 2019 - 18:20

Sy komme bygelyks út Slowakije, Taiwan en Brazilië en binne de kommende tsien dagen yn Fryslân: 26 jongerein fan it útwikselingsprogramma fan de Lions Club International. Sy binne hjir op útnûging fan ferskate Lions Clubs yn ús provinsje en krije yn koarte tiid in stoomkursus Fryske kultuer. Moandei is it folsleine programma yn Noardeast-Fryslân.

Jongerein by De Refter yn Dokkum - Foto: Omrop Fryslân, René Koster

"It binne jongerein fan oer de hiele wrâld, wol of net ferbûn mei in Lions Club. Dat is in wrâldwide organisaasje dy't dit organisearret," leit Arjen van der Schaaf fan de organisaasje út. Sy sliepe yn de maritime akademy yn Harns.

Waadrinne

Der is fan alles betocht foar de bûtenlânske besite. "Dokkum is benammen in seestêd fan eartiids, dus wy woene it Waad ek sjen litte, fanwege de Wrâlderfgoedstatus. Sy sille ek sels efkes mei de fuorten yn de drek stean en te waadrinnen."

De 26 jongerein hawwe in fol programma. "Wy binne begûn by 't Fiskershúske yn Moddergat, wy hawwe in stikje troch it Waad rûn om te sjen wat de groeit en bloeit, fan dêr út binne wy nei Lauwerseach gien dêr't wy fisk iten hawwe mei in patatsje derby. En dêrnei binne wy mei de bus wer nei Dokkum gien," seit Van der Schaaf.

Ferslachjouwer René Koster praat ûnder oare mei Arjen van der Schaaf

Ek Ralph Mulders heard by de organisaasje. Hy seit: "We hebben drie kampen, in Noord-, Midden- en Zuid-Nederland. Zo'n 100 jongelui gaan vanuit Nederland naar buitenland en andersom. Het is dus echt een uitwisseling." De dielnimmers kinne minsken moetsje en sjen hoe't it der yn it bûtenlân oan ta giet.

Fryske sporten

"We gaan natuurlijk ook de Friese sporten een dag doen: fierljelppen en kaatsen. We gaan naar Eastermar, Museum Drachten, daar krijgen ze een clinic van een kunstenaar buiten in de tuin en kunnen ze zelf met kunst aan de gang," jout Mulders oan.

Ferslachjouwer René Koster sjocht yn De Refter yn Dokkum, dêr't iten wurdt

Trefwurden: 
Dokkum jongerein útwikseling
(Advertinsje)
(Advertinsje)