Sineeske man yn Ljouwert yndie troch misdriuw om it libben kaam

22 jul 2019 - 17:50

It stiet fêst dat de man dy't foarige wike dea fûn waard yn syn wening oan de P.S. Gerbrandywei yn Ljouwert omkaam is troch in misdriuw. De plysje wol net sizze hoe't de man fan Sineeske ôfkomst om it libben brocht is.

Foto: Srfotografie

Neffens de plysje is it forensysk ûndersyk klear, mar it algemiene ûndersyk noch net. De plysje siket noch kontakt mei Sineeske studinten dy't in keamer hierd hawwe yn de wenning fan de 73-jierrige man. Neffens de plysjewurdfierder is it fanwege de fakânsje dreech om kontakt mei de studinten te krijen.

Trefwurden: 
plysje Ljouwert misdriuw
(advertinsje)
(advertinsje)