Tropysk waarm yn Fryslân: 8 tips om ôf te kuoljen

Fryslân kin dizze wike rekkenje op in Spaansk waartype, dat foarseit waarman Pyt Paulusma. In nasjonaal hitterekôr liket oansteande mei temperatueren oant mooglik 40 graden yn it suden fan it lân. Dy temperatueren wurde yn ús provinsje net helle, mar ek yn Fryslân liket it derop dat de 35 graden helle wurde kin. De kâns dêrop is no tongersdei it grutst. De ekstreme waarmte liket oant freed oan te hâlden, dêrnei wurde rein- en tongerbuien ferwachte en kuollet it ôf.
© Omrop Fryslân

Hoe hâlde je de holle koel? 8 tips

It waarme waar komt der wer oan. De ien kin der net op wachtsje, wylst de oar no al opsjocht tsjin de hitte. Yn beide gefallen: hoe kinne je de hitte thús en op 'e kemping de baas? Omrop Fryslân jout dy graach in pear tips om de holle koel te hâlden.
#1 Meitsje in airco fan dyn fentilator
Mei iisblokjes en in kopke waarm wetter makkesto hiel maklik dyn eigen airco. Doch de iisblokjes yn in kom en pleats dit foar dyn fentilator. Jit no in bytsje waarm wetter oer de iisblokjes en set de fentilator oan. Silst merke dat der in hearlik koele luchtstream dyn kant opblaast.
#2 Kâlde drankjes troch in wiete hândoek
Maklik en ûnwiis effektyf. Graaf in kûle fan ûngefear in heale meter djip. Doch hjir al it guod yn datst graach kuolle hawwe wolst. Dek de kûle ôf mei in wiete hândoek en voilà, sels yn de folle sinne bliuwt alles yn de kûle hearlik koel.
#3 Ruten iepen of ticht?
Op it hjitste fan de dei wolst de waarme lucht dyn hûs net yn hawwe. Soargje der dêrom foar datst oerdeis de ruten en doarren safolle mooglik tichthâldst. As it jûns ôfkuollet kinst de boel efkes goed trochwaaie litte. Doch dit moarns ek efkes om de waarme lucht it hûs út te litten.
#4 Mint yn it drinkwetter
Mei waarm waar kin wetter drinke hearlik ferkuoljend wurkje. It is ek hiel wichtich om genôch wetter te drinken. Doch foar de feroaring in bytsje mint by dyn wetter en silst merke dat it ekstra ferfrissend priuwt.
#5 Kessen út de friezer
Hasto der wolris muoite mei om yn sliep te kommen mei de waarmte? It kin helpe om dyn kessensloop efkes yn de friezer te dwaan foardatst op bêd giest. Tink der wol om datst it kessen yn in plastic pûde dochst foardatst 'm yn de friezer stopst. Sa hast in hearlik kâld kessen om mei yn sliep te fallen.
#6 Stekkers út de stopkontakten
It liket miskien net in grut ferskil te meitsjen, mar elektryske apparaten produsearje in soad waarmte, ek as se op stand-by stean. Helje dêrom de stekkers út de stopkontakten en probearje ek it gebrûk fan elektryske apparaten te ferminderjen.
#7 In koeltas fan ferpakkingsmateriaal
Op wei nei it strân, mar gjin koeltas by de hân? Ast noch in âlde doaze, bubbeltsjesplastic en aluminiumfoelje oer hast, dan makkest hiel maklik dyn eigen koeltas. Knip it bubbeltsjesplastic op maat fan de doaze, wikkelje it yn aluminiumfoelje en doch it oan de binnenkant fan de doaze. Dyn drankjes sille hearlik koel bliuwe yn dyn selsmakke koeltas.
#8 Fanselssprekkend, mar wol hiel wichtich: tink om elkoar
Hjittens kin ek risiko's opleverje. Benammen foar âlderein. Tink dêrom mei it waarme waar ekstra goed om elkoar en nim paste maatregelen tsjin de sinne en hitte: goed drinke, tinne klean en lekker it skaad opsykje.