Fryslân Fêstlein: "Jou my mar it Fryske wetter, oars wurd ik siik"

22 jul 2019 - 17:07

Fan wettereangst yn Boarnsweach oant in persoanlike oerwinning op It Amelân. Dizze simmer sammelet Omrop Fryslân foar de simmerrige Fryslân Fêstlein de moaiste fakânsjefoto's. Dizze kear de famylje Siccama, dy't al 30 jier mei de boat oer it Fryske wetter fearn hat.

Auke en Trienke Siccama farre al 30 jier oer it Fryske wetter. Mei harren famylje binne sy oeral yn Fryslân west. "Ik fyn alle stikjes fan Fryslân moai, mar as ik echt kieze moat sis ik dat de Hegemer Mar derút springt. Mar eins makket it my net in soad út, as ik mar op it Fryske wetter sit," seit Siccama. "Der bûten wurd ik siik," fertelt sy mei in knypeach.

Foto

Harren fakânsjefoto is yn 1992 al nommen en foar de famylje Siccama bysûnder. "Us jongste soan stiet der ek op," sa fertelt Trienke. "Hy wol eins nea op de foto, mar no hawwe wy him dochs," seit sy. "De bern binne altyd graach mei op fakânsje west. Sy hawwe no sels ek in boat kocht, dus dat gefoel bliuwt der wat yn."

Foto: Omrop Fryslân

Op de foto hat de famylje noch in lytse boat fan 7 meter, mar dat is troch de jierren hinne feroare. "Wy hawwe no ien fan mear as 13 meter," follet Auke syn frou oan. "Wy hawwe alles sels boud," fertelt hy grutsk. "De earste kear dat wy der mei fuort giene, wie dat sa'n apart gefoel. Ik wie tige benaud, mar alles kaam goed."

Auke en Trienke Siccama oer harren foto

'Fryslân Fêstlein'

Hawwe jo ek in bysûndere foto fan in fakânsje yn Fryslân? Lit it ús witte! Stjoer jo foto en ferhaal nei foto@omropfryslan.nl

(Advertinsje)
(Advertinsje)