Fjouwer partoeren moetsje inoar op de Keatsoff foar de PC

22 jul 2019 - 15:45

Fjouwer partoeren sille kommende tongersdei noch stride om in plakje op de 166e PC, dy't nije wike ferkeatst wurdt. De lotting foar de Keatsoff begjint om 18.00 oere yn de Bogt fen Guné. Om 18.30 oere binne dan de partijen. Der wurdt in heale finale en in finale keatst.

Foto: Omrop Fryslân, Aise van Beets

De fjouwer partoeren dy't inoar moetsje sille binne dy fan Paul Dijkstra, Hendrik Jan van der Velde en Stefan van der Meer; Gerrit Jan Duiven, Hendrik Bouhuis en Leon Bekema; Wierd Baarda, Marco de Groot en Roel Pieter de Jong; Corné Tuinenga, Wiebe Wessel Bos en Gjalt Sjirk de Groot. De tagong foar dizze Keatsoff is fergees. It is de achtste kear dat der in Keatsoff holden wurdt. Sûnt 2012 krije de partoeren dy't 16e, 17e, 18e en 19e wurden binne yn de ranking, noch ien kâns om har dochs noch te pleatsen foar de PC.

Trefwurden: 
PC keatsoff Frjensjer
(Advertinsje)
(Advertinsje)