Ferskate organisaasjes kundigje spesjale hjittemaatregels ôf

22 jul 2019 - 15:36

No't de waarme dagen deroan komme, binne der hieltyd mear organisaasjes dy't maatregels oankundigje. Oan alle kanten moat der rekken holden wurde mei de hjitte: fan de feewein oant de trein.

Foto: ANP

Fanwege it kommende hjitte waar sil de Nederlandse Voedsel- en Warenautoriteit ekstra kontrolearje op it ferfier fan fee. Dat jildt foar feeweinen dy't ûnderweis binne likegoed as foar fee dat by slachthuzen oankomt. As de temperatuer boppe de 35 graden útkomt, dan mei der hielendal gjin fee mear ferfierd wurde.

Mei maleur yn it skaad

Ek Rykswettersteat nimt maatregels. Minsken dy''t mei maleur by de dyk komme te stean, wurde troch in berger nei in plak mei skaad brocht, dêr't se fierder holpen wurde. De organisaasje warskôget ek foar gefaar mei bermbrannen en ropt dêrom op om gjin sigarette-eintsjes út de auto te smiten.

Fleskes wetter yn de trein

Ek ProRail set ekstra minsken yn, omdat troch de hjitte it spoar krûm lûke kin. As der dêrtroch treinen fêstrinne, dan sille der fleskes wetter oan de passazjiers útdield wurde omdat de airco dan net mear wurket. Boppedat is it ekstra personiel beskikber om steuringen op te lossen.

Bereinen fan gewaaks en gerslân

Om in algemien bereiningsferbod foar te kommen, ropt Wetterskip Fryslân boeren op om ûnderling ôfspraken te meitsjen oer it bereinen fan gewaaksen of gerslân. It giet dan om boeren dy't dêrby gebrûk meitsje fan deselde sleatten. Sa kin foarkaam wurde dat de sleat drûch komt te stean. Mochten der grutte protten wetter nedich wêze, dan moat dat by it wetterskip meld wurde, sadat dy foar mear oanfier fan wetter soargje kin. Mocht der op termyn te min wetter beskikber wêze, dan komt it wetterskip earst mei lokale bereiningsferboden. Ferline jier waard direkt in ferbod foar de hiele provinsje ôfkundige.

Trefwurden: 
NVWA Rykswettersteat ProRail
(Advertinsje)
(Advertinsje)