De Fryske Marren yn middenmoat CO2-Prestaasjeljedder: doel is CO2-neutraal

22 jul 2019 - 14:48

Gemeente De Fryske Marren is as fjirde Nederlânske gemeente sertifisearre op de saneamde CO2-Prestaasjeljedder. Mei dizze klassifikaasje nimt de gemeente stappen om úteinlik folslein CO2-neutraal te wurden. De ljedder hat fiif nivo's: hoe heger hoe duorsumer. De Fryske Marren stiet foarearst op de tredde triem, yn de middenmoat dus.

It gemeentehûs fan De Fryske Marren - Foto: Omrop Fryslân, Joris Kalma

Foar de sertifisearring hat de gemeente ynventarisearre wat de CO2-útstjit fan de gemeente is. Dêrneist binne der plannen makke oer hoe't de útstjit yn 2022 mei 63 persint werombrocht wurde kin.

Maatregels

De gemeente sil earst alle oerstappe op blauwe disel by de auto's dy't brûkt wurde. As der auto's, trekkers of frachtweinen ferfongen wurde moatte, wurdt der sjoen of elekrysk ride of ride op wetterstof ek alternativen binne. Fierder wurde de lampen yn lantearnepealen ferfongen troch LED-ferjochting.

Ek fêstgoed moat duorsum: sa is der gjin gasoansluting yn nije oanbou fan it gemeentehûs. As lêste sil de gemeente ek griene enerzjy ynkeapje en besparje op enerzjygebrûk.

(Advertinsje)
(Advertinsje)