Frou krijt boete foar ferkeapjen nylhoars-tosken op Marktplaats

In 51-jierrige frou fan It Hearrenfean hat moandei in boete fan 300 euro krigen om't se twa tosken fan in nylhoars (nijlpaard) op Marktplaats set hie. It is ferbean om dizze tosken yn besit te hawwen. Yn stee fan in keaper belle de Nederlandse Voedsel- en Warenautoriteit (NVWA) by de frou oan.
© ANP Foto
Tsjin de rjochter ferklearre de frou dat se wol wist dat se gjin tosken fan in oaljefant hawwe mei, mar dat ek de ivoaren tosken fan in nylhoars ferbean binne, wist se net. "Ik heb niet het gevoel dat u de handelaar in ivoor bent waar Nederland wakker van moet liggen", sei de rjochter. De boete is dêrom ûnder betingst en moat de fertochte benammen sjen as learmomint.