Geert fileart: Jou it in kâns, mar skaf de ranking ôf

22 jul 2019 - 14:14

Geert van Tuinen is keatsferslachjouwer, keatsleafhawwer én keatskritikus. Yn de searje 'Geert fileart' is net ien feilich. In pear kear yn it keatsseizoen nimt hy de keatsers, de bestjoerders of coaches op de hakke. Geert analisearret, bekritisearret en filearret de keatswrâld. Dus tink derom!

Foto: Omrop Fryslân, Oane Hoekstra

"Jou it in kâns", spruts âld KNKB- en PC-foarsitter Johannes Westra yn de Ljouwerter Krante fan ôfrûne sneon. Westra, LKC'er yn ieren en sinen, hie it oer it eksperimint dat de Ljouwerter keatsklup útfiere soe op de ferneamde klassiker De Rengers Partij. Wat dat eksperimint wie? Koartsein: Minder karmasters en twa skjiedsrjochters yn it fjild. Handich foar de ferienings dy't hieltyd mear muoite dwaan moatte om frijwilligers yn it spier te krijen op haadklassewedstriden.

"Jou it in kâns", kaam net samar út de mûle fan Johannes Westra. Hy hie fansels al lang yn de gaten dat der in protte krityk komme soe op it plan fan LKC-foarsitter Karel Nijman en syn kornuiten. No, wy hawwe it sjoen snein. Minder karmasters en twa skiedsrjochters. Dy rûnen har it skompes om alles by te hâlden. Want ja, net in karmaster op de opslachline. Dus moasten dy skiedsrjochters hieltyd as in hazze hinne en werom sprinte om it spul yn de gaten te hâlden.

"Net te dwaan", sei skiedsrjochter Hendrik Sweering en hy sette in mantsje op de opslachline. Sa as der ek achter it perk al frij rap wat karmasters by kamen om it ien en oar goed yn de gaten te hâlden. Ek it keatsoanmerken gie net soepel. Dêr wie argewaasje oer. De keatsers seinen dat de wite en reade blokjes dêr komme soenen, wêr't sy altyd kamen: dêr wêr't de bal keard wie. De skiedsrjochters woenen de blokjes oan de sydkant fan it fjild pleatse. Gedoch, mar de keatsers wûnen de slach.

No ja, sa gie it ûngefear. Mei hjir en dêr noch wat ôfstimmingsdinkjes. Eksperimint mislearre dus? Dêr woe net ien wat oer sizze. "Dat sille wy evaluearje", wie it antwurd. Prima. Doch dat mar. En dan komt der fansels in konklúzje. Mar in protte argewaasje hat it eksperimint snein allegear net opsmiten, dus is de kâns oanwêzich dat dit yn de takomst geregeld sa dien wurde sil. Hjir en dêr noch in karmasterke mear der by en it kompromis is fûn.

Ik sjoch úteinliks mar ien echt foardiel yn dit eksperimint en dat is dat der minder 'persoaniel' nedich is. En dat is moai foar de ferienings. Mar direkte ynfloed op it keatsspul hat it allegear net, dus hawwe wy it hjir net oer in yngripende feroaring yn it keatsen. En dat wie dochs wat Nijman yn dat stik yn de Ljouwerter Krante oanjûn hie. "It keatsen moat feroarje".

LKC sil dus mei wat mear spektakulêre feroarings komme moatte om it keatsen echt te feroarjen. Om echt wat los te meitsjen. Mar ik haw goeie hoop dat soks slachje sil, want it bestjoer fan LKC bestiet ûndertusken út in pear jonge hûnen, dy't net benaud binne en smyt de beuk deryn. Prima. Nij elan, diedkrêft, net benaud om op de bek te gean. Dat moat goed komme. De hûndertste edysje fan De Rengers Partij as mearkearringspunt fan feroarings yn keatslân. Ik fyn it prachtich.

Yn dat kader bin ik hiel benijd oft LKC de karre ek lûke wol as it giet om de ranking in skop ûnder de kont de jaan. Ik haw it al faker sein, mar ik sis it nochris: Tsjonge jonge wat in gedrocht is dat sis. Dêr snapt sa njonkenlytsen net in minsk mear wat fan. Mar gelokkich: de KNKB leit op de eigen website efkes út hoe't it yn it lêste wykein dat meiteld foar pleatsing op de PC, gean kin kwa ranking.

Ik wit net watfoar omkoal dizze flauwekul oan de site tabetroud hat, mar hy of sy berikt der allinnich mar mei dat der no hielendal gjin hûn mear begrypt hoe't it wurket. Theoretyske non-ynformaasje, ynklusyf in spekulatyf klassemint. Hoe betinke je it? Is der by de KNKB net in einredakteur of direkteur dy't dizze ûnsin earst efkes trochlêst? Of kin elk dy't ek mar in bytsje heart by dy 'keatsfamylje' mar wat pleatse op dy side? Je soenen it hast tinke, oars wie dizze flauwekul net troch de sensuer kommen.

It stik toant ek wat oan: dy ranking is in moloch, dy't it keatsen en de keatsers mear yn it paad stiet as dat it soarget foar ferbettering. Keatsen wurdt rekkenjen en alles wurdt yn it teken steld fan dat puntestelsel. De ranking net as middel, mar as doel. De KNKB hâldt der stiifkoppich oan fêst. "Ik moat der net oan tinke dat wy wer in Technyske Kommsje krije", hat bûnsfoarsitter Sinnema him al ris ûntfalle litten. No, dan witte je genôch. It hillige hûs dat ranking hjit sil koste wat kost oerein hâlden wurde. Punt út. Ek al giet dat ten koste fan it keatsen en de keatsers.

Dat keatsers as in komeet nei ûnder en nei boppe fleane yn de ranglist docht der net ta. Dat der, seker yn oanrin nei de PC, mear rekkene as keatst wurdt, docht der net ta. Dat trio Van der Bos mei njoggen oerwinnings leger stie yn de ranking as it trio Bergsma mei trije oerwinnings, docht der net ta. Dat it publyk him totaal net identifisearje kin mei dat yngewikkelde rekkenmodel, docht der net ta. De ranking is hillich.

Bêste jonges en famkes fan de KNKB: hâld hjir mei op. Beneam in ûnôfhinklike Technyske Kommisje (Johan Okkinga en Johannes Brandsma hawwe wol nammen foar jim) en keats wer neffens it systeem sa as dat earder mei in protte sukses dien waard by "Yn it fjoer fan it spul". Want ja, jonges en famkes fan de KNKB: it tsjil is al foar jim útfûn. Jim hoege it allinnich mar wer yn te fieren. In moai, transparant, lykwichtich degradaasje- en promoasjesysteem, wêrmei't it publyk him wól identifisearje kin en dat rjocht docht oan de prestaasjes fan de keatsers. It komt nammentlik út de tiid dat der troch it haadbestjoer fan de KNKB noch goeie dingen betocht waarden.

En it soarget der ek foar dat it keatspublyk direkt nei ôfrin fan de lêste partij yn de syklus presys wit wa't wol en wa't net op de PC keatse sille. Dat wol dat publyk nammentlik witte. Dat wurdt no pas bekend as der lang rekkene is, mar dan lizze in protte minsken al lang op bêd. Kappe dus mei dy ranking. Want pas op hear: oars stjoer ik it folsleine bestjoer fan LKC op jim ôf.

Trefwurden: 
keatsen Geert fileart KNKB LKC
(advertinsje)
(advertinsje)