Boerebrulloft 'útklaaid' fanwege waarme waar: skras troch middeisprogramma

It middeisprogramma fan de Boerebrulloft op 'e Jouwer giet woansdei net troch. Fanwege de ferwachte hege temperatueren hat de organisaasje fan de brulloft dêr yn oerlis mei de feriening Het Friese Tuigpaard en de gemeente De Fryske Marren foar keazen. De brulloft moarns giet wol troch.
© Omrop Fryslan
Op grûn fan it nasjonaal hjitteplan wurdt advisearre om eveneminten by temperatueren fan boppe de 27 graden ôf te sizzen. De organisaasje fan de boerebrulloft nimt dat advys oer, omdat se it net ferantwurde fynt om har bisten en minsken yn te setten by de hege temperatueren. Ferline jier koe it middeisprogramma om deselde reden ek al net trochgean.

"Mei dizze waarmte wolst sels ek net hurdrinne"

De organisaasje fynt it tige spitich dat it middeisprogramma ek net trochgiet, benammen om't it dit kear om in lustrumedysje giet. De Boerebrulloft op De Jouwer bestiet 65 jier. Moarns binne der wol aktiviteiten, mar it ringstekken en de hurddraverij middeis gean net troch.
"Mei dit waarme waar wolle jo sels ek net hurddrave, dus dat dogge wy de hynders ek net oan", seit Ina Kuit-Van der Weide fan de organisaasje. "Ik ha noch mar twa kear meimakke dat it programma oanpast wurde moast fanwege ekstreem waar. Dit jier en ferline jier."
"Tegearre mei de KNHS (Koninklijke Nederlandse Hippische Sportfederatie) en in fee-arts is besletten dat it net trochgean kin," seit Kuit. "Wy kinne ússels fertelle: efkes trochsette, de tosken op inoar. Mar dat kinst in hynder net fertelle."
Foar de minsken sille der party-tinten stean en foar de dûnsers is der ekstra wetter.
Ina Kuit-Van der Weide fan de Boerebrulloft op De Jouwer