Measte ferdrinkingen yn Fryslân, Reddingsbrigade hieltyd faker yn aksje

22 jul 2019 - 13:06

Yn Fryslân binne tusken 2014 en 2018 relatyf sjoen de measte minsken ferdronken, dat docht bliken út sifers fan it CBS. It komt del op sa'n seis minsken yn in jier, oftewol 0,9 persoanen op 100.000 ynwenners. "It binne ysbaarlik hege oantallen. Dochs komt it foar ús net ûnferwachte, wy sjogge benammen dat bern minner swimme kinne," seit Tjebbe van der Meer. Hy is koördinator regio Fryslân by de Reddingsbrigade Nederland.

Reddingsbrigade Nederland yn aksje - Foto: ANP

Yn 2018 binne der yn Nederlân 112 minsken ferstoarn yn it wetter. Yn 2017 wiene dat der noch 85. Reddingsbrigade Nederland kaam yn 2018 goed 7.900 kear yn aksje. Dat is 2.400 kear faker as it jier derfoar.

"It skoalswimmen is efterút gien en de minsken binne hieltyd minder betroud mei it wetter. En dat is yn Fryslân wol wichtich," jout Van der Meer oan. "Minsken ûnderskatte de streaming en binne somtiden ûnbekend mei it wetter. Dat soarget foar gefaarlike situaasjes."

Ek âlden

Dochs leit it probleem net allinne by bern. Want minsken tusken de 40 en de 50 jier âld binne faker slachtoffer fan ferdrinking as bern. "Ek âlden binne lang net altyd swimfeardich. Alden tinke noch wol dat sy goed swimme kinne en in goede kondysje hawwe, mar dat falt ôf. Ek komt it foar dat se skrikke, dat it wetter dochs kâlder is dan minsken ferwachten."

A, B én C

"It is wichtich om it swim-ABC te heljen. Net allinne A of A en B, mar it hiele ABC. Dan bist pas swimfeardich. En dan bliuwt it saak om swimfeardich te bliuwen, te oefenjen dus," leit Van der Meer út. Syn tip: gean nei in swimklup, nim swimfeardichheidstrainingen.

It docht ek bliken dat minsken fan bûten faak minder goed swimme kinne, bygelyks asylsikers. "It is in grut probleem, sa'n 21 persint komt fan net-Westerse bern. Sy binne it fan harren kultuer út net wend."

Reddingsbrigade faker yn aksje

Reddingsbrigade Nederland moat dus hieltyd faker yn aksje komme. "Mar dat is in hiele toer, want wy binne in frijwillige organisaasje. It is elts jier in hiele toer om te soargjen dat der genôch lifeguards binne. En wy krije gjin subsydzje."

Tjebbe van der Meer, koördinator regio Fryslân by Reddingsbrigade Nederland

(Advertinsje)
(Advertinsje)