Liander warskôget foar mear stroomsteurings troch hite waar

22 jul 2019 - 12:33

Troch it hite waar kinne der mear stroomsteurings wêze. Dat is de warskôging fan Liander. De waarme simmer fan ferline jier learde ús dat it stroomnet yn Nederlân gefoelich is foar ektreme waarmte. "We hebben extra mensen en materialen klaar staan", fersekeret Peter Hofland fan Liander.

Omdat de grûn sa hyt wurdt, kin de waarmte net mear fuort en dêr is it elektrisiteitsnet net op berekkene. Peter Hofland fan netbehearder Liander fynt lykwols dat we net yn panyk reitsje moatte. "Laten we voorop stellen dat we in Nederland een van de meest betrouwbare elektriciteitsnetwerken van de wereld hebben. Maar bij extreme warmte is er meer kans op een stroomstoring en we vinden het belangrijk dat mensen dat weten. Daarom deze waarschuwing."

Stikkene kabel - Foto: Omrop Fryslân, Geartsje de Vries

In stroomsteuring is gemiddeld yn in pear oerkes oplost. Dochs hat Liander ekstra minsken en materiaal regele foar de kommende dagen. Ek kinne minsken sels aksje ûndernimme. Hofland: "We zien dat klanten die extreem afhankelijk zijn zelf maatregelen treffen, zoals een aggregaat. We zijn in Nederland steeds afhankelijker geworden van elektriciteit."

Wol of net de airco oan?

Tagelyk hat ús stroomgebrûk ek wer syn wjerslach op it risiko op steuring. Hofland: "We merken dat er bij extreem warm weer meer stroom wordt gevraagd. Dat komt zeker ook door de inzet van airconditioningsystemen. Maar dat zou geen problemen moeten opleveren. Onze stroomnetten zijn zo beveiligd dat ze daar tegen moeten kunnen."

Klimaatferoaring

Hieltyd faker ha wy yn Nederlân te krijen mei hyt waar. De klimaatferoaring stiet ek by Liander op de aginda. "We houden continu het klimaat en onze installaties en kabels in de gaten", fertelt Hofland. "We zijn aan het onderzoeken of we extra maatregelen moeten nemen, naast de regulier onderhoudswerkzaamheden."

Peter Hofland, wurdfierder fan Liander - Foto: Omrop Fryslân, Geartsje de Vries

Liander oer stroomsteurings troch waarmte

(advertinsje)
(advertinsje)