Topografysk Wurkferbân: wachtsje mei nije kombuorden Waadhoeke

22 jul 2019 - 12:29

Topografyske Wurkgroep Fryslân ropt de riedsfraksjes fan gemeente Waadhoeke op om te wachtsjen mei it ferfangen fan de kombuorden oant it proefproses by de bestjoersrjochter oer de nammekwestje west hat.

Foto: Pier Schuurstra fan Frije Fryske Grûn

De saak is oanspand troch Jehannes Elzinga, it giet oer it lyklûken fan de plaknammebuorden. Hy fynt dat der rjochtsgelikensens komme moat yn de gemeente. Elzinga krijt stipe fan de Topografyske Wurkgroep Fryslân.

Ungelikensens

De gemeenteried hat yn juny besletten de buorden yn de fúzjegemeente te litten sa as se op dit stuit binne. Dat betsjut foar in diel mei it Frysk boppe-oan en foar in diel mei it Nederlânsk en dêrûnder Frysk of Bildts. De buorden yn it eardere Menameradiel en Littenseradiel binne yn it Frysk, wylst It Bilt en Frjentsjerteradiel de Nederlânske plaknamme boppe-oan hawwe.

Neffens Cor Jousma fan de Topografyske Wurkgroep Fryslân soe de gemeente in soad jild en argewaasje besparje kinne troch efkes te wachtsjen.

(Advertinsje)
(Advertinsje)