Marit Bouwmeester behâldt dochs tredde plak yn klassemint WK Laser Radial

22 jul 2019 - 13:37

Sylster Marit Bouwmeester fan Warten is op it WK Laser Radial yn Japan dochs op it tredde plak stean bleaun yn it klassemint. Op de fjirde wedstryddei moandei einige se as 24e en 10e yn har races. Dêrtroch stie se op in fjide plak yn it algemien klassemint. Alteast, sa like it. Want de Sweedske Josefin Olsson dy't earst boppe har stie, is diskwalifisearre. Dêrtroch kaam Bouwmeester dochs noch op in tredde plak.

Foto: Sailing Energy / World Sailing

Neffens Bouwmeester wie it dreech silen moandei. De waarsomstannichheden wiene tige wikseljend en dêrom wie der net in goeie strategy te finen. Tiisdei wurde deselde omstannichheden foarsein. De Wartenster sil dêrom neitinke oer in bettere strategy. It WK duorret noch oant en mei woansdei.

Op it earste plak stier no Ecem Güzel mei 40 punten. Bouwmeester siet no op it tredde plak mei 47 punten.

(Advertinsje)
(Advertinsje)