Wetterskip Fryslân start mei proef om CO2-neutraal te meanen

22 jul 2019 - 11:53

Wetterskip Fryslân set op 1 augustus útein mei CO2-neutraal meanen. Yn in bysûndere proef wol it wetterskip it gers op de Waadseedyk by Moddergat yn gearwurking mei Veenma Mechanisatie BV út Dokkum meane litte troch in robotmeaner op sinne-enerzjy. Sa stjit de meanmasine gjin CO2 út.

Foto: Wetterskip Fryslân

De robotmeaner giet yn de nacht nei in saneamd nachthok. Hjir laat de masine himsels op fia in akku dy't yn ferbining stiet mei in sinnepaniel op it dak fan it hok. As de proef slagget, wol Wetterskip Fryslân it tal robotmeaners fierder útwreidzje. Sa moat CO2-neutraal meanen in bydrage leverje oan it doel fan it Wetterskip om yn 2030 folslein klimaatneutraal te wêzen.

De proef start op 1 augustus en dourret oant 10 oktober dit jier.

(Advertinsje)
(Advertinsje)