Earste Grouster Gastsylrace giet net troch: te min dielnimmers

22 jul 2019 - 11:51

It moast in nij sylevenemint wurde: tongersdei soe de earste Grouster Gastsylrace holden wurde mei de Skûtsjewike. Mar de wedstriid giet net mear troch om't der mar twa teams wiene dy't harren opjûn hiene.

De Pikmar by Grou - Foto: ANP

De 'gasten' moasten minsken fan bûten wêze, bygelyks besikers fan Grou dy't dêr op de kamping steane of mei in boat yn de haven lizze. De teams soene in Valk krije om op de Pikmar te silen. Keninklike Wettersportferiening Frisia soe de wedstriidlieding fersoargje.

De organisaasje besiket it takom jier wer te organisearjen en hopet dan ek in sponsor te hawwen.

(Advertinsje)
(Advertinsje)