Bijehotel op Welcome to the Village krijt mooglik ferfolch ûnder de grûn

22 jul 2019 - 11:33

It bijehotel dat fiif studinten boud ha op it festivalterrein fan Welcome to the Village krijt mooglik in ferfolch ûnder de grûn. Offalferwurker Omrin wol de hotels foar ynsekten delsette by konteners ûnder de grûn.

Foto: Omrin

Foar ôffalferwurker Omrin is biodiversiteit 'in belangrike ambysje', sa't se sels sizze. Yn maart sette Omrin syn hântekening ûnder it saneamde 'Bijenpact', dêr't fjirtjin Fryske organisaasjes de hannen ynien slaan om de delgong fan bijen tsjin te gean.

(Advertinsje)
(Advertinsje)