Klacht oer ûndúdlike parkearfakken op Raadhúsplein Drachten

22 jul 2019 - 11:20

De gemeente Smellingerlân hat in klacht krigen oer it parkearen op it Raadhúsplein yn Drachten. De klacht giet benammen oer de ûndúdlike parkearfakken op it plein. De belijning soe net goed herkenber wêze.

Foto: Google Maps

De gemeente hat de klacht yn behanneling naam. Oft se der ek wat mei dwaan sille, is noch ûndúdlik.

(advertinsje)
(advertinsje)