Man oanhâlden op sloopterrein LTS yn Ljouwert

22 jul 2019 - 10:54

De plysje hat moandeitemoarn betiid in man oanhâlden by it sloopterrein fan de eardere LTS yn Ljouwert. Om't der op de lokaasje oan de Nijlânsdyk asbest opromme wurdt, is it terrein bûten wurktiden befeilige en ôfsletten.

Arrestaasje - Foto: Shutterstock.com

Wêrom't de man op it sloopterrein fan de LTS wie en wat hy dêr krekt moast, is noch net bekend. It âlde skoalgebou wie de lêste jierren benammen in sammelplak foar keunstners. Op it plak fan de technyske skoalle wurdt in wengebou delsetten.

(Advertinsje)
(Advertinsje)