Gemeentewurkers as Special Task Force yn de striid tsjin ikeprosesjerûp

In grut wyt pak oan, in masker op en de feilichheidsbril op 'e noas. De seis gemeentewurkers dy't moandei úteinsette mei it bestriden fan de ikeprosesjerûp yn Opsterlân hawwe noch it measte wei fan astronauten. Yn ien moarnskoft wurde sy klearstoomd om de rûpen te liif te gean. "Wy binne der klear foar!"
Ikeprosesjerûp Opsterlân
De seis gemeenteamtners dy't troch de gemeente Opsterlân oplaat binne om de ikeprosesjerûp ûnder hannen te nimmen, binne moandei úteinset. As earste krigen sy in kursus om te learen wat nedich is om de bisten op te romjen. Ek krigen de seis manlju harren beskermjende útrusting útrikt. En dy beskerming is hurd nedich, seit kursuslieder Albert Hulshof mei klam. "Allinnich yn sa'n pak bist feilich."
© Omrop Fryslân, Bauke Deelstra
De manlju hawwe in feilichheidsbril mei in masker op en dogge in oerstrûper oan. Benammen by it útlûken fan it pak is it opletten, warskôget de ekspert. Troch it pak nei it wurk ôf te spuitsjen foarkomme je besmetting mei de hierkes.
Mei ferslachjouwer Bauke Deelstra op paad: yn in oere wurde jo bestrider
© Omrop Fryslân, Bauke Deelstra
Johannes de Wal en Gerrit Grondsma binne twa fan de grienamtners dy't harren ûntpoppe ta Special Task Force. "Wy witte wol wêr't dy rûpen sitte, dus dêr kinne we no mei oan de slach", fertelt Johannes. Sels hat er noch gjin jokte fan de bisten hân. Gerrit hat al wol lêst fan de rûpen hân. "It jokket fjouwer dagen en dan is it wer klear."

Lekker waarm

Nei de kursus giene de manlju daalks oan de slach om yn de earste beammen de nêsten fan de ikeprosesjerûp út de beammen te sûgjen. En dat wie noch in hiele toer, ûntdutsen se al gau. De manlju krigen it der waarm fan yn de wite pakken. "En dan hawwe wy no noch net iens in hjitteweach", jout Johannes oan. "Dat wurdt aanst noch wat."
Ferslachjouwer Bauke Deelstra hat in spesjaal pak oanlutsen
© Omrop Fryslân, Bauke Deelstra