Basketballer Reinder Brandsma sânde nije spiler foar Aris

22 jul 2019 - 09:37

De 19-jierrige Reinder Brandsma út Damwâld spilet tenei yn it shirt fan de basketballers fan Aris. Brandsma ferruilet syn ploech Donar út Grins foar de Ljouwerter basketballers. "Aris hat my frege," jout Brandsma oan. "By Donar hie ik net mear it gefoel dat ik foarút komme koe. Boppedat is is moai om as Fries foar in Fryske klup te spyljen."

Foto: Aris Ljouwert

De 19-jierrige center en power-forward spile yn de U21 Dutch Talent League. By Aris krijt er de tiid en de romte om him fierder te ûntwikkeljen op it heechste nivo.

De leafde foar de sport is yn Damwâld ûnstien, gewoan op strjitte. "Ik hie it gelok dat myn team dêrnei fanatyk wie. Sy woene graach, dan komt it fansels wol en makkest inoar better." De jonges fan Brandsma's âlde ploech spylje noch hieltyd en binne neffens him syn grutste fanklup.

"Aris is in moaie ploech en ik fyn it ek moai om lang by in team te spyljen. Mar ast Europa yn komme kinst, dan soe dat ek moai wêze," seit Brandsma.

Reinder Brandsma fan Damwâld oer de oerstap

(Advertinsje)
(Advertinsje)